Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

Littenser Merke

Ale S. van Zandbergen

€ 22,50
Voorraad#stock_type# onbekend
Delen:
Beschrijving

Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt.Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld. Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading' dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy't jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit in debútroman is...Bekroand mei de Rink van der Velde Priis en de Douwe Tamminga Priis.

Productspecificaties
EAN : 9789492457141
Auteur(s) : Ale S. van Zandbergen
Taal : Fries
Onderwerp : Fries
Thema : Fries
Uitgever : Het Nieuwe Kanaal
Verschenen : Maart 2019
Uitvoering : Paperback
Conditie : Nieuw
Pagina's : 405
Afmetingen : 210 x 140 x 33 mm
Gewicht : 495 gram